Sinopsis
'Het Gedroomde Noorden' is in boek fan de Ljouwerter skriuwer Adwin de Kluyver. Ferhalen oer ûntdekkingsreizigers en oare dreamers, ûnderweis nei it uterste noarden. Yn dizze podcast lêst de skriuwer trije ferhalen foar.Diel 1: Unst, Groot Brittannië - Een klifDiel 2: Kaap York, Groenland - Een EskimoDiel 3: Stateneiland, Karazee - Een IJsbeer
Episodios
-
Het Gedroomde Noorden 3: Stateneiland, Karazee - Een ijsbeer
10/03/2019Wa is hy? Hy is in iisbear, in ursus maritimus, of 'nanuq' sa't de minsken yn it noarden him neame. Hy ken sels gjin nammen en gjin minsken. Wat hy wol wit, is dat hy de grutste is fan alle bisten. Hy is net benaud. Syn mem hat him leard hoe't hy syn iten by elkoar skarrelje moat, en dat giet goed. Mar op in dei komt de iisbear nije bisten tsjin. Bisten op twa fuotten. Lústerje nei diel 3 fan de podcast 'Het Gedroomde Noorden'.
-
Het Gedroomde Noorden 2: Kaap York, Groenland - een Eskimo
03/03/2019It is 1898. De Eskimojonge Minik is acht jier en hy gûlt. Syn heit Qisuk is stoarn. De begraffenis fynt plak yn de tún fan it Amearikaansk Natuerhistoarysk Museum yn New York. Wat Minik net wit, is dat syn heit net yn it grêf leit, mar dat syn skelet tentoansteld wurde sil yn it museum. Dit dramatyske ferhaal oer in Eskimojonge yn Amearika is skreaun troch Adwin de Kluyver. Lústerje nei diel 2 fan de podcast 'Het Gedroomde Noorden'.
-
Het gedroomde Noorden 1: Unst, een klif
24/02/2019It langstme nei it Noarden bringt skriuwer Adwin de Kluyver nei it noardelikste puntsje fan de Shetland eilannen. Dêr giet it hast mis, in pear meter fierder en hy hie hy dit ferhaal net neifertelle kinnen. De Kluyver giet ek nei it festival 'Up-Helly-Aa' en docht op hilaryske wize ferslach fan it fjoerfeest. De bewenners fan de Shetlands fiere dat se 'Vikings' binne. Mei it grutste fjoer fan it noarden ferjeie se de winter.